Symen Schaafsma
Koartlyn is my troch in pear doarpslju frege wurden: hawwe Jo hjir ek in
boer kinnen dy ’t Speerstra fan namme hiet. Dizze man hie neffens in skruwen yn
it Frysk Lânboublêd in kou ferkocht oan Schaap to Readhuzum. Speerstra hat
destiids wenne yn in herberch, dy ’t letter forboud is ta in dûbel wenhhûs, dêr
’t nou Jan Feenstra en Tjeerd Dysktra tahâlde (nrs. 13 en 11).
Der wiene yn dy tiid trije herbergen yn it doarp: dêr ‘t nou Van Os wennet
(nr. 31) hie fan namme “De Roode Koe”; hwer ‘t Tamme van der Let wennet (nrs.
42-43) hie de namme “Veldzicht”. Dit wie ek fuortdaliks in buorkerij mei in timmersaek. Yn letter tiitd
binne de buorkerij en timmersaek der út gien en is it foroare yn herberch mei
wenhûs yn de skuorre útboud. Ek de boppeseal is doe ôfbrutsen.
Wyns nr 42 ("Veldzicht") & nr 44 yn 1970
It wie yn dy tiid fan sterk iis tige drok op de Ie. (Nou ‘t ik dochs oan it
fortellen bin, gean ik der noch mar efkes mei troch). As it jouns skimerich
waerd, stiene by de barten fan de iisherbergen de baenfagers mei in pong mei in
skiltsje der ûnderoan. It doel wie om fan de lju op de barten dy ‘t út en yn
giene in pear sinten te barren.
Yn dy tiid brocht de winter folle mear sterk iis as wy de lêste jierren
wend binne. As bikenden inoar moeten op de baen, waerd der folle ôfpraet: wy
komme ynkoarten wol op redens oer.
Lit ús nou fan it iis oergean op de skoalle en it ûnderwiis. Foar safier
bikend, is de earste skoalle hjir kommen yn it jier 1581. De earste master wie
Marten Jabiks. De bileaning fan de man wie net sa botte heech. Hy hie it genot
fan it gers fan it tsjerkhôf fan ien pounsmiet greide en trije pounsmiet
pastorylân. Fan de tsjerkfâlden barde master alve goune en fjouwer stjûren. De
skoalle hearde doe oan’e tsjerke. Yn 1611 waerd hy master yn it tichthûs to
Ljouwert.
Ald skoalle
Oan 1632 is der net folle bikend fan de masters.
Yn 1658 wie Jan Durks skoalletsjinder to Wyns. Hy wie fuortdaliks doarpsûntfanger
en rjochter fan it doarp. Yn 1696 kaem hjir as master Michiel Pieters. Dizze
wie net mear doarpsrjochter, dat wie Jehannes Ulbers en dêrnei Ane Ealses
Sinnema, dy ‘t yn 1761 forstoarn is en bigroeven is yn ’e tsjerke. In serk
ûnder de tsjerkeflier jowt dit oan. Neisaten fan Ane Sinnema wienen Ealse en
Simen Sinnema. Alle trije hawwe boer op ‘e selfde pleats west.
Yn 1762 waerd Klaes Jans
hjir master. Hy barde fan de tsjerke jiers 32 goune en 20 stûren. Hy wie âld en
earm. Yn 1766 bitanke hy foar syn wurk. De tsjerke moast him ûnderhalde; hy
krige 10 stûren en 4 kear njoggen goune en 15 stûren kostjild foar him en syn
frou. De tsjerke bitelle syn skulden en forkeape syn bytsje hûsrie. Yn 1766
komt der in nije master: Rodmer Wyngaarden. Hy krige foar it skjinmeitsjen fan
de tsjerke 11 stûren en barde yn ‘e maeijemoanne fan it jier 1767 syn earste
traktemint fan 16 goune en 10 stûren foar in healjier. Hy ferhuze yn dy tiid
nei Dearsum.
Yn deselde moanne waerd Hindrik Jans fan Wânswert hjir master. Hy
wie dêr gjin master. Hy ferve ir skoallehûs op en de tsjerkefâlden bitellen
him1 goune en 2 stûren út foar de kochte ferve. It traktemint bliuwde 2 kear 16
goune en 10 stûren. Master Hindrik wie ek skuonmmakker en barbier. Op 14 maeije
bitelle de tsjerke him 1 goune en 16 stûren
Ald Wyns
foar it skuonmeitsjen en it burdskrabjen fan syn âld kollega Klaes
Jans. Fjierder oppert hy by it fortimmerjen fan de toer en it skjinmeitsjen fan
it ûrwurk. Hy wie ek kloklieder. De 19e maeije troude hy to Wânswert.
Master hie wol aerdich sinten sa’t it like. Hy barde alle healjierren net
sym traktemint: al in kear liet hy 2 jier syn lean stean en koe doe 16 goune
barre.
Yn 1780 forhuzet hy nei Raerd, mar waerd dêr gjin master wer. Akke Wytses
krige 7 ½ stûr foar it útskrobjen fan de
skualle. Simen Sinnema 3 goune en 6 stûren foar 12 wike kloklieden en it
oppassen fan it ûrwurk.
De nije master wie Geert Franses Skipper. Piter Japiks barde 6 goune foar
it heljen fan master mei syn guod; hy wie skuonmakker. Master Geert wie sa tûk
net as syn foargonger. Yn 1790 stie al syn hebben en hâlden yn ‘e lommert. De
tsjerke loste in diel fan wijlen Geert âf en bitelle dêrfoar 142 goune en 12
stûren en 14 penningen. By it boelguod brocht it spul nei ôflutsen kosten 155
goune en 2 stûren op. It skuonmakkersark waerd forkocht oan Sipke Jabiks foar 2
goune en 10 stûren.
Dizze Sipke Jabiks waerd yn 1791 fêst bineamd as master. Boppe syn salaris
krige hy noch foar it ûnderhâld fan it grindpaed om it tsjerkhôf 7 goune. Yn
1794 is hy forstoarn. Yn itselfde jier waerd Jehannes Jelters (letter Calsbeek)
master. Dizze wie fourtdaliks ek skuonmakker, barbier en gaerder fan de
bilêsting, hwat noch 75 goune opbrocht. Master paste net sa goed op skoalle en
waerd op 4 septimber ûntslein: hy hie it lêste winterhealjier mar gjin skoalle
hâlden.
Yn de winter fan 1816 waerd oansteld Evert Romkes de Haan. Hy wie
skuonmakkersfeint to Snakkerbuorren en learde foar master. Hy waerd hjirfoar
holpen troch de master fan Lekkum.
De skoalle wie leech fan fordjipping en mei reid dutsen. De flier wie fan
liem hwer ‘t peallen yn stienen mei planken derop dy ‘t as banken en
skriuwtafels tsjinst dienen. Op oanstean fan it skoalletaforsjoch waerd de
skoalle fornijd en yn 1817 koe master wer bigjinne. De bileaning wie 65 goune
mei ynbigryp fan it grêfmeitsjen en it kloklieden en skjinhâlden fan it paed om
it tsjerkhôf; it gers fan it tsjerkhôf, frije wenning en fan de skoalbern jiers
30 goune kaem de master ek noch to ‘n goede.
Dizze master foldie tige goed en om syn traktemint noch hwat to forheegjen,
waerd fan de ynwenners noch 60 goune ophelle. Yn 1819 gie hy lykwols nei de
skoalle to Wurdum.
Ta tydlik master waerd bineamd Anker Koopmans fan Snits. Noch altyd wie it
traktemint mei alles sa ‘n 120 goune, hwant de tydlike talage wie ophâlden
doe‘t de tiden minder waerden.
It slagge de skoalleopsjender nei 4 jier oanhâlden 75 goune te krijen fan
de gritenij. Om reden dat it skoallehûs sahwat ûnbiwenber wie seach master om
in oar plak. Yn 1829 forhuzet hy nei Aldebildtsyl. Nou waerdt tydlik oansteld
Ritske Tjeerds Veldstra.
Yn 1836 kaem der in nije skoalle en skoalhûs. Dêr mast de tsjerke 1350
goune foar bitelje. Yn 1836 forhuzet hy ek en wol nei Lekkum. Yn 1840 forliet
hy it ûnderwiis en waerd boer. Syn soan Tjeerd waerd de bikende Fryske
toanielskriuwer.
Master Hindirk de Jong út Eastmar waerd nou oansteld to Wyns as master. De
skoalleopsjender wie fan plan master nei Tytsjerk oer te pleatsen, mar dit
slagge net, master bliuwde yn Wyns. It traktemint wie nou 75 goune, fan elk fan
de bern wyks 5 sinten en boppedat in frije wente.
Wyns ca. 1920
Hy moast de bern fan it Tichelwurk mei in preamke oerhelje oer de Ie. Yn
1861 hoegden de bern net mear in stûr oan master to jaen, hwant it lean waerd
nou alhiel troch de gemeente bitelle. De tsjerke hâlde de 75 goune nou ek yn,
mar op oanstean fan de gemeente waerd dit nou joun foar tsjerkewurk.
Yn 1869 waerd de skoalle en it skoallehûs oerdroegen oan de gemeente en
soarge dy ek foar it salaris, mar de tsjerke moast jiers 50 goune forgoedzje
foar it ûnderhald.
Master de Jong wie oant 1875 haed fan de skoalle.
Ut de oerienkomst mei de gemeente fan 1869 ûntstiene procedure, wie it
risseltaet dat de “Hoge Raad der Nederlanden” de oerienkomst net jilde liet. In
nije oerienkomst wie sadannich dat de gemeente de skoalle kocht fan de tsjerke.
Master de Jong bliuwde to Wyns wenjen en wol yn it hûs fan Auke en Reintsje
(Fennema). Yn 1888 is hy stoarn en op it tsjerkhôf bigroeven.
Yn 1907 is de skoalle forboud, der
kaem in twadde lokael by. It tal bern wie rom 40. Tichelwurk hie sels in
skoalle krigen. Nei master De Jong waerd bineamd F. Eelkema fan Eastermar.
Dizze forstoar itselde jier dat it twadde lokael boud wie. Opfolger fan Eelkema
wie Nieboer fan Veendam, dy ‘t hjir oant 1915 ta bliuwde. Fan 1915 oan’t 1918
wie Y. Visser hjir master. Hy kaem fan Tichelwurk en forhuze nei Hynljippen. Fan
1918 oant 1921 wie it P. Sinnema fan Jelsum. Hjirwei nei Mounein en dêrwei nei
Aldtsjerk. Opfolger fan Sinnema wie P. De Groot fan Enschede. Hy gie yn 1931
nei Gytsjerk. Dan wurdt hjir master Jager fan Heemstede, hwer’t hy ûnderwiis
joech oan in Montessoriskoalle. Hy giet mei pensioen en hat yn Vught, hwer’t hy
troch de Dútsrers slim mishandele wie, syn lêste libbensdagen trochbrocht.
Hjirnei T. Poelstra (is wachtjilder). Yn 1940 mei pensioen, J. Posthuma,
wachtjilder fan Marrum, giet mei pensioen nei Ljouwert.
Bûten de fêstbineamde skoallehaden hawwe hjir ek folle tydlike masters
west. Sa ek master Uiterdijk fan Readtsjerk. It wie hwat in frjemde húshâlding;
dat die ek wol bliken doe’t hja mei in part fan de húshâlding op sneinoerdei
oankamen. Masterske soe thésette en om théwetter to krijen, gie hja nei in
houten pomp. Under it pompen seach hja wol dat der brún wetter kaem, mar it wie
dan ek in jarrepomp.
Dizze oantekens binne foar in part helle út de Burgumer krante, hjiryn
skreaun troch master Sannes mei bihelp fan dûmny De Nie. Dizze hearen hawwe it
archyf fan de trije tsjerkefâldijen, Oentsjerk, Gietsjerk en Wyns neisneupt.
Nou noch fan alles oer it âlde doarp, dat yn earder tiid mear yn oansjen
west hat as hjoed de dei. De namme Wyns is ôflaed fan Weingi of Weningi, neamd
nei de earste biwenners.
Yn de jierren 1500-1610 hâlde de grytmannen fan hiel Eastergea hjir har
byienkomsten. De tsjerke is yn +/- 1200 op in terp boud. De kanten fan ‘e terp
binne ôfgroeven, hwat nedig wie foar it oanlizzen fan de dyk. Om it hiele
tsjerkhôf roun in sleat. Der wiene twa tagonen, op de súdwest- en op de
noardeasthoeke.
De skoallefamkes wiene faek op de grêfstiennen oan it bikkeljen. It dûbel
hûs dêr’t Dupon yn wennet is yn 1903 boud. Foar dy tiid stie dêr ek in dûbel
hûs mei oan de noardkant in oanboude turfloads foar de earmen fan it doarp. De
loads wie sa’n twa meter breed en sa lang as it hûs. Der hat ek al tydlik in
húshâlding yn wenne: it wie in hûs fasn de earmfoudij, it saneamde earmhûs.Oan de iene kant wenne
in skuuonmakker dy’t mei twa krukken roun. Syn iene foet wie koarter as de
oare. Op in kear hie hy in ûngelok hwerby hy de koarte
Tsjerkhôf
foet ek noch briek. Doe de dokter him spalke hie sei Bouke, sa wie syn
namme, “Nou sil ik wol op é bank moatte.” “Welné”, sei dokter, “Jo springe mar
fuort, de foet hat neat to dwaen mei jou krukken.”
Bouke skuonmakker hie noch al in greate húshâlding. Akke, ien fan de
fammesbern, meastal neamd Akke skoech, koe der wol hwat mei. Doe’t der ien fan
master Eelkema syn dochters troude, wie der de jouns great feest, fjûrwurk en
in barnende tartonne op it skoalhiem. Wy as bern fansels foaroan en wy waerden
net forgetten hwat de traktaesjes oangienen. Sa krigen wy û.o. ek in greate kop
mei brandewyn en resinen en in leppel deryn. Akke wie ien fan de earsten dy ‘t
de kop yn’e hannen hie en doe naeide se der hurd mei út. Wy der efteroan, mar
Akke wie nergens to finen. It bliek dat hja yn it húske gien wie en de
húskedoar op ‘e heak dien hie. Doe’t hja der wer útkaem wie de kop leech en
Akke stie net sa fêst op é fuotten.
It wie stéfêst brûktme as der in bruiloftsstoet werom kaem fan Burgum, dat
wy as bern de jongelju mei blomkes bistruiden, dy’t wy al lange tiid fan to
foaren socht hienen. De brêgeman bileanne ús dan mei it struijen fan losse
sinten.
De boerehúzing fan Lammert Hotsma (nr 49?) stie alearen oan de Ie. Yn it lân
fan Sipke Veenstra dat oan de Ie leit, wie in dobbe. It plak dêr’t de dobbe wie
hat lange tiid to sjen west. As by in droege simmer de reinwetterbakken leech
wiene, hawwe wy dêr wol wetter úthelle.
By it hûs fan Rom en Durkje (nr 46) wie alearen in skûtmakkerij. De baes
dêrfan waerd altyd Jan skûtmakker neamd. Hoe’t syn achternamme wie is my net
bikend. Romke Haima wie fan jongsôfoan slachter fan birop. Letter waerd hy
koumelker en brûkte hy ek noch hwat lân. As jongfeintsje hiene hy en syn maet
yn’e aeisikerstiid in ljipaei foun. It soe de oare moarns mei de karrider nei Ljouwert
om forkocht to wurden.It wie sa’n great ljipaei, dat hja tochten, hja soene der
wol aerdich hwat foar krije. Mar dat kaem oars út. De karrerider hie der trije
sinten foar bard en hy moast in stjûr fracht hawwe. It ljipaei wie in
skriisaei.
De boerehuzing fan Aris van Dam wie alearen fan it kop-hals-romptype. De
foarein is yn 1911 foroare yn in dwershuzing. De skuorre is yn de foarige ieu
fornijd. De juffers dy’t der op lizze binne skyld troch Johannes Bil, doe’t hy
in great jonge wie foar ien sint it stik, hat hy my wolris forteld. Yn de achterein
wie yn de muorre by de skuorduoarren in stien ynmitsele mei in kou der
ynbeitele mei it jiertal 1619 en de witte kou. Mogelik is yn dat jier de earste
huzing boud. De huzing hiette fanâlds “Wyniastate”.
It hûs fan Piter en Griet (Huizinga) wie alear in buorkerij mei winkel. Ek
klompen wiene der to keap foar 16 stjuorren, greate jonges- en frouljusklomepen
en ent to forjitten, ek sterke drank. Dat wie yn folle huzen destiids to
krijen. Sa ek op de súdein, hwer’t alear ek in bakkerij wie. Dizze hie namme fan
“Ald Kanne”.
It hûs fan Hendrik en Pytsje (Regeling) (Wyns nr. 38) wie “de Klimmerbeam”.
De Klimmerbeam
It hûs dêr’t Albert en Afke (Kleinsma) yn wenje wie yn de roomske tiid de
pastorij fan de pastoor. It stiennen paed nei de tsjerke hat lag to sjen west.
De lêste pastoor wie Sixtus Alexander. Hy leit yn de tsjerke bigroeven,
tsjinoer de preekstoel.
It hûs fan Geert en
Jeltsje Sjoerdsma (Wyns nr.8) is boud foar buorkerij troch immen fan namme
Tiesema. Ek hat der in ferver yn wenne. Hy kaem fan Kollum, hwat oan syn praet
noch skoan to hearren wie. Hy koe soms sterke stikken fortelle. As bern koene
wy ús dêr tige mei formeitsje. Doe’t hy foar it earst in fyts krigen hie,
fortelde hy dat er yn tsien minuten fan Wyns nei Ljouwert fytst wie. Dat gie ús stûf genôch, “mar”, sei hy, “dan vloog het
voorste wiel ook tweemaal zo hard als het achterste”. Jawol, seine wy, dan
wolle wy it wol leauwe. Sa hie hy ek ris dreamd: “het was allemaal goud op de
tafel en ik su it gripe en fut was it”. De earste joun dat it nije ljocht by
him yn de keamer barnde en hy op bêd soe en de lampe útblaze woe: “kon hy dat
ferrekte ding nooit útkrije, as su ik op ‘e kop staen”. – Ik bin wol fan tinken
dat de greate minsken safolle net oan myn forhaeltsje fine as wy as bern.
Myn reizen as jonge nei de ambachtskoalle wiene faek net maklik. It
binnenpaed nei Lekkum wie doe net sa’n bêst paed, it gie samar troch it lân
folle tiden. Moarns kertier foar sawnen fan hûs en acht ûre yn de
Speelmanstrjitte en seis ûre de jouns út skoalle en kertier oer sawnen thús. It
is ek alles bard dat ik yn it lân fan Ulbe Noordenbos oer in skiep stroffele;
ik kjel en it skiep kjel. Dêr wiene gjin bûslantearnen en fytslampen, sadat ik
soms muoite hie om fan de swarte wei op de Lekkumerdyk to kommen.
Wy hiene jiers ek in feestdei yn it doarp foar skoalbern en greaten; letter
is dat foroare yn twa dagen. De spultsjes wiene dan kûpkestekke, ringfytse,
sprytrinne, hurdroeije, ensfh. It waerd meastal op ‘e dyk hâlden (forkear wie
der hast net), útsûndere it roeijen fansels, dat wie tusken Van Os (nr 30) en
Van der Let (nr 42) yn de Ie.
As greatste skoalbern hawwe wy ek ris mei in hynstespul west fan Cohen. Dat
stie yn Mounein; dit wie in hiel feest. De griene lânne del, oer it mienskot
nei Oentsjerk en sa nei de Mounein. Yn it hynstespul seagen wy ús de eagen út
de holle. Dêr wiene û.o. twa hynders, fierder in pear hounen en in aep. Ien fan
de hynders koe ek telle. De baes fan it spul telde oan tsien ta en dan by elke
tel stampte it hynder mei de foarpoat op de groun. Wy founen it geweldich.
Maeitiids ljeppe, aeisykje, snoekestrûpe: in keep yn de boppeein fan de
polsstôk en dêroan in fyn kopertried mei ûnderoan in strûp. Yn de sleat tusken
de dyk en de skuorre fan Jan Kaastra fongen wy in kear mei de strûp in snoek
fan amper fiif poun.
Simmerdei moasten wy nei it fraechlearen yn de tsjerke. Der wiene trije
klassen. De feintenen fammen, dan de saneamde posters en skoallebern. Wy
moasten om de beurt hwat wy leard hiene út it boekje opsizze. De dûmny, Itersen
fan Oentsjerk, wie al in âld man en hy makke him net sa drok mear. “Nu Reinder,
laat jij eens horen wat je geleerd hebt”. Reinder wie al earder ûnder de bank
krûpt, hwant hy hie neat leard en de bern seine: “Reinder is er niet dominee”.
“Dan maar de volgende” sei de âld man. De lêste dei fan it fraechlearen kaem
Jurkens Doutsje mei in earmkoer mei koeken yn de tsjerke. Wy krigen dan elk in
koeke, dy’t ús op ‘e earm fêstboun waerd. Der miste sa’n kear net ien fan de
bern en allegearre koene se de fragen dy’t dûmny die, goed bianderje.
Der wie ek in plysje yn it doarp, dy‘t Santé hiet. Hy hie, lykas folle
boargers ek in baerch. Op in snein-to-joun helle it jongfolk de plysje syn
baerch út it hok en lieten de baerch op’e dyk rinne. De jongfeinten giene nei
Santé ta en seine him dat der in baerch op’e dyk roun. De plysje frege harren
oft se him helpe woene de baerch yn’e skutstâl to krijen. De oare moarns moast
Santé syn eigen baerch wer ophelje.
De smidterij
Baes Smit koe op in
moandei-to-moarn it fjûr op de smidte net oankrije. It wie ien stik reek yn de
smidterij, op de solder, yn de keuken en de keamer. Jongfeinten hiene in plaet
stiel op de skoarsstien lein, sadat de reek der net útkomme koe. Baes wie hjir
min oer to sprekken en doe’t Pibe fan greate Durk in dei as hwat letter in boadskip hie fan syn broer oan de smit, moast hy
noch hwat hearre dat lang net noflik wie.
Oan de Stienserfeart leine twa stikken bûtlân yn de saneamde “Geldersehoek”.
By sterk iis waerd der folle hurdriden hâlden, troch de iisclub “Iewâl”. Om’t it
lâniis wie, wie it gau to brûken. Yn de omlizzende doarpen wie net folle of
gjin gelegenheit to riden. Der waerd dan ek folle gebrûk fan makke. Foaral
sneins koe it der drok wêze. Jouns rounen de herbergen fol. It is my al ris
forteld dat de lege jildpongen moandei-to-moarns oan de Stienzer brêge hongen.
Op Tichelwurk wie it tiisdei-to-jouns sjongen, fan it troch master Veldkamp
oprjochte songselskip. Veldkamp hie ûnderwiser to Stiens west en waerd haed op
it Tichelwurk. Doe’t master forhuze nei Hijum waerd hy opfolge troch master Van
der Wal fan Holwert.
Nei master Van der Wal kaem master Braaksma fan it Amelân. Tidens master
Braaksma is it mei it sjongen dien rekke. De oarsaek sil wol west hawwe dat der
to min bilangstelling foar wie.
Sjongselskip T.O.G yn Paterswolde ca. 1928
Alle jierren die it sjongselskip in reiske mei
de boat en dan fansels musyk mei oan board. Sa hawwe wy ek ris west nei
Olterterp. Oan Drachten ta farre en doe nei Olterterp ta rinne. Underweis wie
ús spielman Bonne fan Gytsjerk mei de harmoanika op de boat yn sliep fâllen. Ek
hat de reis al ris nei Amsterdam west. Dêr waerd it Ryksmuseum bisjoen en ek
Artis en op de joun nei Flora. Wy sliepten nachts yn it hotel yn de
Warmoesstrjitte. De sliepkeammerkes wiene net oan boppe ta ôfskut, sadat it
barde dat ien fan ús maten oer it sket klautere en sadwaende krige syn buorman
in bysliep. Ek ien koe syn hege board net ôfkrije. Dan der mar mei op bêd; de
oare moarns hoegde hy de board net om to dwaen. De oare deis Amsterdam bisjen
en mei de trein wer nei Ljouwert ta, hwer’t de boat klear lei om ús nei hûs to
bringen. It hiene in pear moaije dagen west.
Wynzermoune ca. 1900
Yn 1871 is de Wynzer moune boud, doe’t ek de polder mei de mar droech lein
binne. De mar stie bikend dat der folle fisk yn wie. Foar safier bikend, wie
der oars gjin mealderij as in jasker, dy’t twa gewinten lân ten súdwesten fan
de moune stie. Yn letter jierren is ek de pleats fan Peenstra yn de polder
opnommen en koe de moune dêr forfalle. Foardat de polder der wie koe men mei
heech wetter mei in skou oerfarre nei Aldtsjerk. It is al ris bard dat op de weromreis
by slim mistich waer twa mânlju mei de skou by de Kanterlânse dyk bilânnen.
Ut de Moark rounen fearten yn it lân op, sa as de Aldmear, de Offemear, de
Ulemaer en de Pierefeart. Dizze fearten stiene foar wetterôffier en oanfier fan
terpsmodder. De modderskûtsjes leine al folle yn de Moark en mei preamen waerd
de modder flotte en op it lân kroade, dêr’t it wêze moast.
De dyk nei Birdaard en dy fan Ljouwert oer Lekkum en Miedum is oanlein yn
1866. De oannimmer wie Boetser. Hwer’t hy weikaem is my net bikend. De dyk wie
oars net as in modderreed en roun om de buorren hinne. Oan de eastkant wie it
noch in terp. Doe’t de dyk forhurde waerd kaem hy dêr ek lâns en roun doe
rjochttroch.
De oannimmer kaem wyks ien kear mei hynder en sjees op it wurk. Hy hie dan
in sek mei jild by him om it wurkfolk út to biteljen. Papierjild wie der
doedestiids noch net. Foardat de púndyk oanlein wie, wie de trekwei de rydwei
nei Ljouwert ta. Fan dêr dat der noch al hwat huzen oan stiene, sa as op
Tichelwurk en Bartlehiem.
Hjir to Wyns stiene
alear seis huzen oan de trekwei. Ien dêrfan wie in stelpke mei in doar nei de
trekwei ta. Hjir wenne Jan Durks, in man dy’t it net sa krekt naem mei it "myn en dyn". Hy hie de lanhste tiid yn it it tichthûs tahâlden
fan syn libben.
Huzen oan de trekwei
As der by’t hjerst skiep jouns de wei lâns dreaun waerden, dan
helle Jan der wol ris ien út de keppel, handich troch de doar en yn de kong en
de doar ticht, dy’t hy foartiid al op in kier set hie. Ek barde it wol dat hy
in skiep mei de kop troch de hikke triuwde en dan tsjin de boer sei: “Ik wit
net boer oft de boer it wit, mar der hat him ek in skiepke yn de hikke
forhongen”. Hy krige dan wolris de tasizzing dat hy it wol ophelje koe. De
boeren hâlden Jan graech ta freon, oars moesten se it dochs letter wer bilije.
Yn de Ljouwerter krante stie op 7 maert ûnder it stjerke 100 jaar geleden,
inbraak te Finkum: de dief had kans gezien 130 pond gerookt spek, rookvlees en
4 gerookte koetongen mee te nemen; gestolen door iemand van Wijns. De dief wie
dyselde Jan Durks.
De huzen en ek forskate stikken lân oan de westkant fan de Ie hearden ek
oan Wyns. Yn de bisettingstiid is dat foroare, it is nou Tichelwurk ûnder
Stiens.
De boerehuzing dêr’t Jan van der Meer wennet (Wyns nr. 4) is yn letter tiid
ek oan de dyk boud. De âld pleats dy’t tige min wie en “de ûle” neamd waerd,
stie tusken de âld ûlemear en de wâlddyk.
Op de hoeken fan de trekwei stiene de saneamde rolpealen hwer’t de linen
foar it lûken oan de bûtenkant om lein waerden, om it skip yn de goede gong to
hâlden. Op de trekwei wiene ek inkelde tolhekken. Yn de tiid dat de trekwei der
kommen is, kamen ek de trekskippen mei de peardersjonges fan Ljouwert nei
Dokkum en Hallum. De Hallumertrekwei is oanlein troch partikulieren fan Hallum.
By de moune fan Theo en Jantsje (Weima) wie in tolhek. Foar it ûnderhald fan de
hynders wiene twa stikken lân biskikber steld en in hynstestâl op
Kamstrabuorren. Disse stâl hat noch lang yn takt west, hy mocht net forfalle.
De peardersjonges kamen de wyks nei nijjier by de huzen lâns en blaesden op
de hoarn mei it doel de biwenners nijjier to winskjen en sa mooglik in jefte to
krijen. Sa kamen der ek sa nou en dan in stik as fjouwer musykmannen op it
skoalplein. Nei ôfrin waerden der sinten ophelle. It wiene musikanten út
Ljouwert en se waerden troch de bern blaespoepen neamd.
Doe’t de trekskippen har tiid hawn hiene trochdat de stoamboaten kamen en
se it dêr net tsjin hâlde koene, hat men it noch ris prebearre mei in soarte
fan skippen dy’t lichter farre koene, mar dezze moasten ek ridlik gau bilies
jaen tsjin de boaten. Dizze lichtere boaten wiene de saneamde “bessies”.
Admiraal Tromp yn Dokkum
Der fearen fan Ljouwert nei Dokkum twa kear deis twa boaten, de “Tjerk
Hiddes” en de “Tromp”. Dizze boaten wiene haedsaeklik ynrjochte foar
passagiersforfier. Yn it midden fan de boat wie in biheinde romte foar
lytsguod. Foar yn de boat wie de earste en achter de twadde klasse. Yn de earste
koene de passagiers foar tiidsfordriuw damme, dûmnyshoutsje en kine. Der hat in
tiid west, dat der freeds in fyftjin boaten troch Wyns fearen. Alle doarpen om
Dokkum hinne hiene in boat. Dokkum en Kollum hiene elk twa. Soms hiene de
boaten in pream mei kij der achteroan. De boat fan Birdaerd hiet “de
Noordfries”. Dizze hat ek lang tiisdeis nei Snits fearn. Fierder wiene der noch
de Hunzeboaten en de “Koophandel”,dy’t fan Grins nei Amsterdam fearen. Dan kaem
de Ie noch lâns “de Twee Provincies” van Hoogezand út Grinslân. Fan Hallum nei
Ljouwert fear al ridlik gau in boat dy’t “de Lucifer” hiet en tsjinst moast
foar frachtguod. Dizze hat net lang fearn, om’t hy to lyts wie. Al dizze boaten joegen
folle drokte op it wetter, binammen freeds. Ek út Trynwâlden kaem soms fé om
mei in boat nei Ljouwert ta brocht to wurden. Dan wiene der noch de turf- en
modderskippen en folle oaren. As jonges hawwe wy de houtflotten de Ie noch wol delfarren sjoen. It wiene dwersoer keppele
beamstammen mei elk in lingte fan fjouwer of fiif stammen. It flot waerd lutsen
troch in sleepboat en om it bistjûr der yn to hâlden, wiene der twa man op, elk
mei in kloet.
Dan kamen de Ie noch lâns de saneamde Dútske preammen. It wiene lompe
skippen mei in platte boaijem en oars siet der net folle model oan. Wy as
jonges rôpen dan “dútske poepen binne sa djûr, fiifentweintich foar in stûr,
fiifentweintich foar in kwartsje, hwa wol mei dy poepen boartsje”. As de
skippers oanstalten makken oan wâl to kommen, wiene wy samar withwersanne.
Foardat de Ie slotten is, in 1855, wie it net mear as in rivierke. Njonken
it âld skoalplein wie in saneamd “waed” troch de Ie. By droechte koene de
weinen troch de Ie ride.
Op 25 maert 1943 binne de twa klokken troch de Dútsers út de toer helle. De
greate klok wie fan it ier 1928 en de lytse fan 1711. Beide klokken binne net
werom kommen. Mei in rykstalage en jeften fan it doarp en omkriten wie der safolle
jild byinoar dat wer twa nije klokken komme koene. Klokkejitter Van Bergen to
Heiligerlee, hat der foar soarge dat hy yn 1948 wer twa klokken yn de toer
oanbringe koe. De kosten fan alles meielkoar bidroegen fl. 2628.25.
Tidens de earste wrâldkriich moast de tsjerke in stik greide omskuorre
neffens de troch it regear opleine saneamde ‘scheurplicht’. Dit waerd fjouwer
pounsmiet oan de westkant fan de Ie en it waerd forhierd oan de foriening fan
doarpsbilang. Der kamen 19 folkstúntsjes op. Yn it earstoan wie hjir wol fraech
nei, letter waerd it hurd minder, sadat it yn 1964 wer ta greide makke is.
Yn de bisetting troch de Dútsers binne oan de westkant fan de Ie inkelde
gewinten lân en huzen by Ljouwerteradiel kommen. De pleats fan R. Talsma en it
hûs mei buorkerij fan A. Fennema hearre nou ûnder Tichelwurk.
It jongfolk en ek wol trouden pielden folle mei piksjitten en
streekjesmiten. It buartsjen fan de bern
wie folle petsjebalje, hazzeboartsje, potsjesjitte, pompe mei knikkers
en it earder neamde bikkeljen fan de famkes en it heinebaljen. In moai spul wie
it “doekjebeleggen”. Der waerd in greate kring makke fan jonges enn famkes. Ien
fan harren kaem yn de kring to stean. Ien út de kring moast in doekje achter
ien fan de maten falle litte ûnder it sjongen fan: “Doekje beleggen, niemand zeggen, kijk voor je, kijk achter je, kijk aan
beide zijden, ik laat het doekje glijden”. D6er it doekje fallen wie moast
dyjinge dy’t dêr stie him of har tikje dy’t it doekje fâlle litten hie, foardat
dizze wer op syn of har plak wie. Slagge dit net dan moast hy of sy yn de kring
stean gean.
Dan wiene wy nochal folle oan it “skiep en wolf-boartsjen”. Op ien ein fan
it skoalplein stie in rigele bern, op it oare ein ien jonge, de hoeder, en dêr
tusken yn, de wolf. Der waerd dan roppen: “Herder laat je schaapjes gaan, ik
durf niet, waarom niet? Om de ruige wolf niet. De ruige wolf zit gevangen
tussen honderd duizend tangen, tussen zon en maan, herder laat je schaapjes
gaan”. As de wolf ien to pakken krige moast hy de wolf wêze.
Nije skoalle fanút de toer 1956
Nou fan alles noch hwat en dan hâlde wy der mei op.
Bouwe fan Wessel en Eva ( Bouwe Ringnalda) wie oan it berm swyljen. Op iens
hearde hy hwat en doe’t hy opseach, kaem der mei gâns lawaei hwat oan op de
dyk. Hy smiet de harke del en roun sa hurd hy koe by Boonstra yn de skuorre. It
wie de earste auto dy’t Bouwe seach.
Hallbe Snoek hâlde tige
fan egewearjen en húnjen. Hy hie der tige slach fan om rûzje mei jin to krijen,
mar hy wie ek gau wer goed. Hy hie op in kear rûzje mei Klaes de Vries, faek
neamd Klaes Dop. Klaes jow Halbe in opstopper mei in juk dat hy by him hie. “It moat net mâlder wurde”, sei Halbe, “nou slachst my
mei myn eigen juk opé hûd”. Klaes hie it juk fan Halbe leind, mar noait werom
brocht.
It wie âlvestêddentocht en Halbe en oaren stiene op de wâl der nei to sjen.
In frommes dat gjin hurdrydster wie sa to sjen, kaem de Dokkumer kant út wei.
“Binne Jo Martha Himminga?”sei Halbe tsjin har. “Né”, sei it minske. “Oh”, sei
Halbe, “oan it riden to sjen tocht ik, sjoch”. Martha Himminga wie destiids in
bikende hurdrydster. Tsjin in Hollanner, ek in âlvestêddenrider, sei hy: “Jo
komme foar moar-to-joun wol to plak mynhear.” De man bliuwde stean en sei: “Wat
blieft U?” “Ik segde mynhear, Jo ride mar bêst, mynhear”, sei Halbe.
Hjerstdeis wie it bargeslachtsjen by de boer. Dit wie ek in hiel barren.
Omwenjenden en goefreonen wiene de meastal by. Der waerd dan ret hoe swier de
baerch wie. De nammen fan de meidoggers waerden op in doar skreaun en it sifer
efter de namme. Elk dy’t meidie moast in stûr bitelje en dy’t it neist oan wie
krige de hiele pot.
Freed op ’e weromreis út de stêd wie der faek nochal hwat hinne en wer
gepraet op de boat. De hofmeester mient dat der yn Birdaerd mar twa goede
boeren binne. “Hwa binne dat?”, frege ien fan de boeren. De hofmeester, in
Dokkumer, seit: “Och, maak je maar niet ongerust Hettema, hwant jo binne daar
niet by”.
It doarp hie ek in fêste turfskipper, dy’t hjir ek syn domisily hie. Hy
hiet Kobus van der Schaaf en wie ek in Wynzer fan komôf. Hy is yn Gelderlân
stoarn en leit yn Hattum bigroeven.
Yn earder tiid waerden de baelder turf net teld, mar gie it by de tonne.
Hwat mear de tonne skodde waerd, hwat meatr tuven der yn giene, sadat de hân
der wol ris hwat mei licht waerd.
Yn de tiid dat master Jager hjir wie, hawwe wy hjir it elektrisch ljocht,
of sa’t wy destiids seine, it nije ljocht, krigen. De frou fan Jager wie in
suster fan notaris Bylsma syn frou, fan Frentsjer. Mr. Bylsmna wie lid fan de
Steaten fan Fryslân. Doe’t dizze him foar de saek spande, krigen wy ridlik gau
it elektrysk yn it doarp. De forljochting bûtendoar wie: trije petroleum
lantearnen, dy’t alinne by tsjustere moane barnden.
Om hjir wetterlieding to krijen, hat gâns fuotten yn ierde hawn. Der binne
troch de bistjûrsleden an doarpsbilang folle reizen makke nei it kantoar fan de
wetterlieding op de Nieuwe Weg to Ljouwert, mar altyd sûnder fortuten.
Yn 1955 is der in nije skoalle kommen. It wie it doel om de skoalle to
forsjen fan grounwetter, mar om’t der nei lang boarjen gjin goed wetter to
finen wie, koe it net oars of de gemeente moast ta de I.W.G.L. forfalle en
sadwaende krige ek it hiele doarp de wetterlieding; doe wie it samar gjin
ûnrendabel gebiet mear.
Wy binne nou oan de tsjinwurdige tiid ta kommen, sadat it eardere barren
foar it greatste part oanhelle is.
Wyns,
oktober
1967
S.
Schaafsma.
Wyns eastd
Taheakke:
Oan wjerkanten en by it bigjin fan de griene lânne lizze twa ôfgroeven
terpen, ek wol wieren neamd. As jonges hawwe wy dêr folle brandtsjes makke fan
rusken en oare rûchts. Ek waerden der eine-aeien, slob- en tjillingaeien foun.
By de huzing fan Jan Bergmans wie ek noch al in mânske terp. Dizze is troch
omwenjende boeren ôfgroeven en forriden.
As de iisklub in riderij hâlde fan leden, dan wie der altyd folle
bilangstelling. It gie der soms ek wol ris hwat nuver om wei. Jan Boersma hat
noch ris ien loop woun fan syn tsjinstanner. “Ja”, sei hy, “en nou moast ik ek
noch ris de redens goed ûnder hawn hawwe”. Hy hie se nammentlik forkeard ûnderboun, mar troch syn greate spierkrêft
koe hy de loop noch winne.
Doe’t de earder neamde Akke forneam dat se har tsjinstanner mooglik net to
goed hawwe koe, gie se fier oer de middenstreek en kaem sadwaende yn de
forkearde baen en bliuwde foar har tsjinstanster útriden. Akke wie it earste
op’e ein, mar de loop wie net jildich.
Ut: “Voorlopige lijst van monumenten Provincie Friesland”.
De N.H.-kerk (H. Vitus) ± 1200 gebouwd van grote moppen, later verhoogd en
meermalen hersteld, bestaat uit een schip, een versmald 5/10 gesloten koor en
een vierkanten toren met zadeldak.
De zuidmuur is gepleisterd en met klimop begroeid.
Op de hoeken der koorsluiting dunne ronde isenen rustend op een versnijing
van profielsteen. Aan de noordzijde een korfbogige ingang overdekt door een
puntboog. De toren gedeeltelijk bepleisterd en met kleine steen ommetseld,
heeft tegen de noordzijde een later aanbouwsel. Inwendig: houten tongewelf met
trekkalken muurstijlen, korbeelen en geprofileerde sleutelstukken (XVIa). De
kerk bezit: een eenvoudige eiken preekstoel (geverfd); een doophek met
gedraaide balusters; een zilveren avondmaalsbeker (1644) met opschrift (merken:
Leeuwarden, N. en J.M. = Jan Melciers Oostervelt); twee klokken, waarvan één in
1711 gegoten door Petrus Overney en één in 1807.
Interieur kerk rond 1970
Ut: “Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden” door A.J. van der
Aa.
12e deel (1849)
Wyns, d. prov. Friesland, kw. Oostergoo, griet. Tietjerksteradeel, arr. en
1½ uur W.N. van Leeuwarden kant en 5 uur N.W. van Bergum, aan de Ee of Dokkumer
trekvaart. Men telt in dit d. hetwelk uit eenige verspreid liggende
boerenplaatsen en arbeirderswoningen bestaat 25 h. en 130 inw. die in landbouw
en veeteelt hun bestaan vinden. De landerijen onder dit land behorende zijn
wei- en hooilanden en loopen in het oosten tot aan de Murk. In het noorden ligt
een uitwatering, de Uilemeer genoemd. Door dit dorp loopt ook over de Mieden
een rijweg van Leeuwarden naar Oudkerk en Oenkerk, die alleen gedurende den
zomer ongeveer ¾ jaar bruikbaar is. Eindelijk ligt niet verre van de
Oudkerkstermiedweg of Rhaladijk een thans opgedroogd meertje Antje Jetsemeer
genoemd.
De hervormden, ongeveer 110 in getal, behooren tot de gem. Oenkerk-Giekerk
en Wijns, welke hier eene kerk heeft, zijnde een klein, maar tamelijk net
gebouw met een stompen toren, doch zonder orgel.
De doopsgez. die men er 8 telt, behooren tot de gemeente Warrega; de R.K.
van welke men er 5 aantreft parochiëren te Leeuwarden. De dorpsschool wordt
door 45 leerlingen bezocht. Ongeveer ¾ uur N.O. van Wijns werd, in den aanvang
van den twaalfde eeuw, door den eersten Abt van Mariëngaarde, een
Nonnenklooster gesticht, van de orde der Premonstratenzers. Het droeg de naam
van Bethlehem en is met de overige van dien naam voor lang vernietigd.
Ut: ???
Wijns – Betalingsordonnantie van 24 mei 1634. Jelle Reijners, meester
Glaesmaker voor het maken van een glas in de kerk te Wijns, de somma 25L. G f
50 – 17.
1638/’39. De kerkvoochten tot Wijns XXV hen bij den Have tot een nieuw glas
in hun kercke vereert, R. 56e. Rek. v.d. rentmeester der Domeinen 1638/’39.
_________________________________
Súvelfabryk Bartlehiem